Gemeenten sleau mei e-mails

10 jun 2008 - 17:44
  • Maile mei de gemeente hat syn útfallen

De measte Fryske gemeenten binne sleau yn it beantwurdzjen fan e-mails fan boargers. Dat blykt út in lanlik ûndersyk fan ûndersyksburo Webdam. Sy ha gemeenten in e-mail stjoerd mei ien simpele fraach. Mar it is faak lang wachtsjen op in antwurd.

Mear as de helte antwurdet binnen in dei, mar by Ljouwert moatte je fjouwer dagen wachtsje. Snits reagearre hielendal net. Neffens de gemeente hie dat te krijen mei steurings. Dantumadiel kaam as bêste út 'e test.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)