Gemeenten Noardeast-Fryslân stelle fúzje jier út

09 des 2015 - 21:52
  • Amtsketting

De amtlike fúzje yn Noardeast-Fryslân wurdt in jier útsteld. De fúzje tusken Dongeradiel, Dantumadiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân soe op 1 jannewaris stâl krije. De mienskiplike ûndernimmersried fan de gemeenten fynt dat der op it stuit tefolle ûnwissichheden binne.

De ûr kin dêrom net ynstimme mei de oergong fan it personiel nei de nije organisaasje. De kommende tiid wurdt evaluearre wat der krekt misgien is. Oan de hân dêrfan wurdt in plan fan oanpak makke om de fúzje op 1 jannewaris 2017 rûn te krijen.

De gemeenterieden moatte noch beslute oft de amtlike fúzje folge wurdt troch in weryndieling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)