Gemeenten net iens oer Omrin

26 nov 2009 - 12:20

Dantumadiel en Dongeradiel dogge oan koarte-termyn-polityk troch út Omrin te stappen. Dat seit wethâlder Bé de Winter fan Skarsterlân. Hy fynt dat de Fryske solidariteit op it spul stiet as gemeenten har smoargens troch in oar bedriuw as Omrin ynsammelje litte.

Dantumadiel en Dongeradiel makken earder bekend dat se út Omrin stappe. Dy gemeenten fine ûnder oaren dat de finansjele risiko's troch de bou fan in nije ôffaloven te grut wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)