Gemeenten net iens mei krityk

29 sep 2004 - 09:46

De gemeenten Ljouwerteradiel, It Bilt, Menameradiel en Ferwerderadiel binne it net iens mei de krityk fan de provinsje op har selsevaluaasje. Yn opdracht fan de provinsje hawwe alle gemeenten har eigen bestjoerlik funksjonearjen evaluearre.

De reaksje fan de provinsje dêrop falt by de 4 gearwurkjende gemeenten net yn goede ierde. De gemeenten wolle noch net sizze wat har krityk krekt ynhâldt en hokker stappen se nimme wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)