"Gemeenten moatte yn petear mei âlderen"

19 feb 2015 - 18:02
  • Thússoarchmeiwurkster

Alle gemeenten soene yn petear gean moatte mei de âlderein oer de feroarings yn de soarch. Dat seit pasjinteferiening Zorgbelang Fryslân. In protte âlderen krije wol in tillefoantsje of in brief, dêr't yn stiet dat se nei 1 april mooglik gjin húshâldlike help mear krije. Mar in saneamd 'keukentafelpetear' is der net yn alle gemeenten, dat moatte minsken spesjaal oanfreegje. Zorgbelang Fryslân lit witte dat dat in ferkearde gong fan saken is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)