'Gemeenten mear gearwurkje'

17 okt 2003 - 00:00

Gemeenten yn Fryslân moatte noch folle mear gearwurkje dan dat se no al dogge. Dat sei wethâlder Sicko Boorsma fan Dongeradiel tongersdei op in diskusje- jûn fan de ChristenUnie oer gemeentlike weryndieling.

Gearwurking moat sjoen wurde as in foartrajekt fan de gemeentlike fúzjes. Sa hat de weryndieling, dy't der op termyn oan sit te kommen, mear kâns fan slagjen. Boppedat moatte de boargers ek mear by de diskusje belutsen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)