Gemeenten mear foech by fraude

13 mrt 2012 - 16:38

Gemeenten krije ynkoarten mear foech om útkearingsfraude op te spoaren. It Ryk stiet no ta dat gegevens fan ferskate sosjale tsjinsten, banken, de gemeentlike basisadministraasje en it kadaster oan elkoar keppele wurde kinne, wêrtroch't gemeenten fraudearjende minsken mei in bijstânsútkearring no earder pakke kinne.

Steatssekretaris De Krom soe dat yn in brief oan de Twadde Keamer meld hawwe, neffens De Volkskrant.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)