'Gemeenten litte ESF-jild lizze'

12 aug 2004 - 11:10

Fryske gemeentes meitsje te min gebrûk fan subsydzjes fan it Europeesk Sosjaal Fûns foar projekten om wurkleazen wer oan wurk te helpen. Troch gjin jild fan it ESF oan te freegjen rinne de gemeentes miljoenen euro's mis. Dat is de konklúzje fan CDA Twadde Keamerlid Rendert Algra, dy't ûndersocht hat oft de gemeentes ESF-jild brûke.

De gemeentes litte it jild faak lizze, omdat se it dwaan fan in oanfraach te yngewikkeld fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)