Gemeenten keapje goedkeap yn

04 feb 2013 - 22:19

De seis gemeenten fan Noardeast-Fryslân hawwe moandeitejûn yn De Westereen in unyk gearwurkingsferbân presintearre. Der wurdt tenei mienskiplik ynkocht. It kin bygelyks gean om asfalt, kompjûters of papier.

Dat is mooglik wurden omdat de prosedueres op it mêd fan it oanbestegings- en oankeapbelied unifoarm makke binne. Undernimmers witte no wat de easken binne as se mei de gemeenten yn Noardeast-Fryslân saken dwaan wolle en dat makket it sakendwaan makliker.

Mar it smyt ek jild op, omdat yn it grut ynkocht wurde kin en der kin mienskiplik gebrûk makke wurde fan saakkundigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)