Gemeenten: 'Goed beslút Verdonk'

10 jan 2004 - 00:00

De feriening fan Fryske gemeenten fynt it goed dat minister Verdonk lang om let har ferantwurdlikheid nimt foar de opfang fan útprosedearre asylsikers. Freed hat in tal gemeenten mei Verdonk ôfpraat dat útprosedearren tenei nei in fertreksintrum brocht wurde.

Dêr soene se sa taret wurde moatte dat se werom kinne nei it lân dêr't se wei komme. De gemeenten wegeren oant no ta om minsken út te setten, om't der neat foar har regele wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)