"Gemeenten gelyk behannelje"

10 jan 2006 - 14:16

De provinsje moat alle gemeenten yn Fryslân gelyk behannelje by provinsjale ynvestearings. Dat fynt boargemaster Van Klaveren fan Weststellingwerf. Hy reagearret op deputearre Ploeg, dy't fynt dat gemeenten mear ambysje hawwe moatte.

Van Klaveren wol dat de provinsje syn gemeente krekt sa stipet as dy yn 'e ekonomyske kearnsônes. Dy soene in eigen ûntwikkelingsburo krigen ha, wylst oaren soks sels betelje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)