Gemeenten geane skulden te liif

11 sep 2006 - 14:07

De gemeentes Dongeradiel, Dantumadiel, Achtkarspelen en Kollumerlân sille gearwurkje by skuldhelpferliening oan har ynwenners. It is de bedoeling dat de problemen dy't de skulden feroarsake ha, oanpakt wurde.

Goeie skuldhelpferliening kostet jild, mar smyt ek besparringen op, sizze de gemeenten. Sa hoege der minder minsken út har hûs set te wurden. Yn de fjouwer gemeenten wenje yn ferhâlding in soad minsken mei in leech ynkommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)