Gemeenten ferlieze op grûn

01 apr 2013 - 13:35
  • Bedriuweterrein by It Hearrenfean

De gemeenten Hearrenfean en Skarsterlân skriuwe 2,6 miljoen euro ôf op it mienskiplike bedriuwepark A7. Op it park tusken Aldehaske en It Hearrenfean is noch 17 bunder grûn te keap. De ferkeap rint sa dreech dat der no 2,6 miljoen euro ferlies op naam wurdt.

Foar beide gemeenten binne dit net de earste ferliezen. Hearrenfean moast ferline jier hast 80 miljoen op grûn ôfskriuwe. Yn Skarsterlân giet it om it pear miljoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)