Gemeenten dwaande mei gryp

02 aug 2009 - 11:08

Ferskate Fryske gemeenten wize har ynwenners fia de webside op de Meksikaanske gryp. Minsken kinne lêze wat de symptomen binne en wêr't se mear ynformaasje fine kinne. De gemeenten ferwize dan troch nei de webside fan it RIVM. Dat set hieltiten de lêste ynformaasje oer de gryp op ynternet.

De site fan Eaststellingwerf meldt ek dat dy gemeente himsels tariedt op de gryp. Der wurde senario's makke foar as in soad amtners tagelyk siik wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)