Gemeenten besparje jild mei ôfspraken oer WOZ-beswieren

18 feb 2015 - 20:52

In nije wurkwize moat der foar soargje dat de gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân net wer yn de rjochtbank steane foar it oanfjochtsjen fan de WOZ-wearde fan hierwenten. De lêste jierren koste dat beide gemeenten in soad jild, omdat minsken massaal beswier oantekenen.

Mei nije ôfspraken yn in konvenant mei fjouwer wenningkorporaasjes moat flink wat jild besparre wurde. Uteinlik moatte ek hierders it yn de beurs fernimme. Wethâlder Maarten Offinga ferwachtet dat der 150.000 euro besparre wurde kin op 15.000 hierwenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)