Gemeentehûs Dokkum jûns iepen

06 jan 2006 - 10:55

It gemeentehûs fan Dongeradiel is tenei ek op freedtejûn iepen foar publyk. Minsken kinne der telâne by de ôfdielings boargersaken en bou & wenjen. Op freedtejûn is ek de keapjûn yn Dokkum.

De gemeente tinkt dat ynwenners fan Dongeradiel ferlet ha fan de mooglikheid om ek jûns bygelyks in rydbewiis te heljen. De iepening fan it gemeentehûs op de freedtejûn is in proef fan in jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)