Gemeentehûs De Lemmer te hyt

01 maaie 2006 - 20:18

Lemsterlân ferbout it gemeentehûs op 'e Lemmer foar 260 tûzen euro omdat der no op waarme dagen hast net te wurkjen is yn it gebou. It wurdt der somtiden wol hiter as 30 graden.

Boargemaster en wethâlders wolle mei it jild in wetterliedingnet mei kâld wetter troch it gebou hinne lizze. De sa ôfkuolle lucht wurdt mei fentilators it gebou yn blaasd. De gemeenteried praat der oare wike moandei oer yn de riedskommisje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)