Gemeente wol bankgebou keapje

04 aug 2009 - 11:16

De gemeente Opsterlân wol foar 650.000 euro it âlde gebou fan de Friesland Bank yn it sintrum fan De Gordyk keapje. Dat kantoar gie earder dit jier ticht. Boargemaster en wethâlders fan Opsterlân en de Friesland Bank binne al akkoart, mar de ried moat noch 'ja' sizze tsjin it plan.

Opsterlân wol it sintrum fan De Gordyk opknappe. Op it plak fan it bankgebou komme parkearplakken en in nij gebouwekompleks mei winkels ûnder en apparteminten boppe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)