Gemeente stapt út kollektyf

28 aug 2008 - 12:12
  • It gemeentehûs yn Drachten

De gemeente Smellingerlân keapet syn elektrisiteit tenei net mear yn 'e mande mei alle oare gemeenten. De gemeente stapt út it kollektyf en hellet it tenei út Alkmaar. Dêr lit Smellingerlân syn ôffal ferbrâne by de sintrale HVC. Dat smyt elektrisiteit op dat de oandielhâlders goedkeap ynkeapje kinne.

Oare Fryske gemeenten reagearje fernuvere op Smellingerlân syn stap. Se fine dat sa de ûnderlinge solidariteit trochbrutsen wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)