Gemeente Skylge nimt rezjy oer Dellewal wer oer

15 jul 2015 - 16:13
  • Skylge

De gemeente Skylge pakt de ûntwikkeling fan it Dellewal terrein wer op. It krijt in nije bestimming. Dellewal stiet foar 2,3 miljoen euro yn de boeken by de gemeente. Finansjeel soe it net te ferantwurdzjen wêze om noch langer te wachtsjen.

De gemeenteried hat earder de plannen foar in hotel ôfwiisd. De stichting Baai Dellewal hie oant 1 july de tiid krigen om út te sykjen oft de lokaasje ek oankocht wurde koe om sa bebouwing foar te kommen. Boargemaster en wethâlders twivelje lykwols oan de helberens fan dat plan.

Benammen it opheljen fan subsydzjes soe in probleem wêze. It part fan de baai fan de eardere Dellewal diskoteek oant en mei Het Lichtje is noch wol yn de beneaming foar natuerherstel.

De ferwachting is dat it noch wol efkes duorret foardat de gemeente in nije bestimming hat foar it terrein. De stifting Baai Dellewal is fernúvere oer dizze gemeentlike stap en sizze dat sa de eilanner befolking oan'e kant skowt wurdt. Dat der ûnfoldwaande sicht is op subsydzjes komt neffens Baai Dellewal trochdat de gemeente wegert mei te wurkjen oan harren plan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)