Gemeente Skylge lilk op Volkskrant

03 mrt 2015 - 06:03
  • Gemeente Skylge

De gemeente Skylge fynt dat bewenners fan it eilân en amtners ûnrjocht oandien is yn in artikel yn de Volkskrant fan sneon. Dy skreau dat in akkountant fan de gemeente 155.000 euro krigen hat om op te stappen. Dat wie neidat der krityk levere hie op de finânsjes fan de gemeente.

Neffens de gemeente stean der saken yn it artikel dy't net doge. De gemeente komt dêrom op syn webside mei in wiidweidige tsjinreaksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)