'Gemeente Skylge betellet kloklieder om op te stappen'

28 feb 2015 - 07:23
  • Gemeente Skylge

De gemeente Skylge hat in kloklieder 155.000 euro betelle sadat de man opstappe soe. It giet om in akkountant dy't melding makke fan in boekhâldskandaal. Dat skriuwt de Volkskrant sneon. De man wie kritysk op de begrutting fan de gemeente en woe dizze krityk net oanpasse, om foar te kommen dat de eardere boargemaster Rob Bats yn de problemen komme soe. De akkountant is dêrnei mei ferlof stjoerd.

Neffens de gemeente Skylge soe de akkountant syn wurk net goed dien ha en is hy dêrom fuortstjoerd.

Ut dokuminten docht neffens de Volkskrant lykwols bliken dat de gemeente him swier oanrekkene dat hy kritysk wie en bleau.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)