Gemeente siket troulokaasjes

27 des 2004 - 17:45

Frjentsjerteradiel is op syk nei twa nije troulokaasjes yn de doarpen. De gemeente ropt dêrfoar de help yn fan har eigen ynwenners. Elkenien dy't in moaie troulokaasje wit, kin dat oan de gemeente melde.

Op dit stuit hat de gemeente mar ien trouplak: it stêdhûs fan Frjentsjer. Hieltiten faker kaam lykwols de fraach oft ek yn de doarpen troud wurde koe. Ut de oandroegen ideeën sil de gemeente twa kieze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)