Gemeente Opsterlân hat gjin plak foar AZC

15 okt 2015 - 20:49
  • Gemeente Opsterlân

Der komt gjin AZC yn Opsterlân. Boargemaster en wethâlders ha dêr gjin geskikt plak foar fine kinnen. In AZC moat teminsten 600 minsken in plak jaan. Nei oerlis mei de fraksjefoarsitters is konkludearre dat der mar ien plak is dêr't dat kin, en dat is op in yndustryterrein oan de A7, ticht by Drachten.

Smellingerlân sjocht dat lywols net sitten omdat der al in asylsikerssintrum is yn Drachten. Opsterlân hat wol plak foar krisisopfang, mar fan dat oanbod is gjin gebrûk makke.

Der rint noch wol in ûndersyk nei plakken foar minderjierrige flechtlingen mei in ferbliuwsfergunning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)