Gemeente oerwaget skeaklaim om Nij Bethanië

11 jun 2015 - 15:16
  • Nij Bethanië yn Tsjummearum

De gemeente Frjentstjerteradiel oerwaget in skeaklaim yn te tsjinjen by soarchgroep Noorderbreedte fanwege it sluten fan ferpleechhûs Nij Bethanië. De gemeente hat de ôfrûne jierren bot ynfestearre yn en om Tsjommearum. Se hawwe grûn oankocht en ûnteigene om de soarchgroep te helpen by it realisearjen fan de nijbouplannen en útwreiding fan it soarchsintrum.

No't dat net trochgiet wolle se foar de kosten kompenseard wurde. Ek fynt wethâlder Twerda dat in doarp as Tsjommearum in soarchrsintrum nedich hat.

Twerda wol no ûndersykje oft der ek in oare soarchoanbieder is, dy't yn de soarch fan it doarp stappe wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)