Gemeente oanspraaklik dug-out

13 sep 2014 - 07:39
  • Dug-out yn Twizel ynstoart

De gemeente Achtkarspelen nimt de oanspraaklikens foar de gefolgen fan it ynstoarten fan de dug-out op it sportfjild yn Twizel op 21 maaie dit jier. De gemeente hat de fersekering opdracht jûn om mei de belutsenen te besjen hoe grut oft de skea is.

By it ûngelok kaam de 10-jierrige Yrsa de Bruin út Surhústerfean om it libben. Fiif oare bern rekken ferwûne. It ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok en de skuldfraach, dat it Iepenbier Ministearje útfiert, rint noch.

Neffens de gemeente litte de útkomsten fan dat ûndersyk sa lang op harren wachtsje dat sy no har ferantwurdlikens nimt. De gemeente erkent gjin skuld, want dêr is it strafrjochtlik ûndersyk fan it Iepenbier Ministearje foar.

Advokaat Liesbeth Poortman-de Boer fan fiif troffen famyljes fynt dat it fierste lang duorre hat. Frou Poortman komt ek op foar de belangen fan de famylje fan it omkommen famke. Poortman hat al in rjochtsaak oanspand tsjin de gemeente. Se is net fan doel om dy proseduere no stil te setten. Frou Poortman hat grutte krityk op de gemeente en de boargemaster. De advokaat neamt it ûnbegryplik dat de gemeente noch net begûn is mei in eigen ûndersyk nei de oarsaak fan it ynstoarten fan de dug-out. Sy fynt dat it foar de hân leit dat de gemeente it eigen hanneljen ek ûndersiket, los fan it ûndersyk fan it Iepenbier Ministearje dat draait om de skuldfraach.

Boargemaster Gerben Gerbrandy fan Achtkarspelen seit yn in reaksje dat er it gefoel hat dat er syn bêst dien hat en dat er him net opdringe woe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)