Gemeente net iens mei byld SBS6

22 mrt 2005 - 06:47

De gemeente Ljouwert nimt ek ôfstân fan it byld dat televyzjestoerder SBS6 sketst hat fan de wyk Wielenpôlle yn Ljouwert. Earder lieten de wykbewenners al witte dat se it der net mei iens binne dat de wyk as asosjaal ôfskildere wurdt.

De gemeente Ljouwert wiist derop dat der fan alles dien wurdt om de leefberens yn de wyk te fergrutsjen. Ek wurde de wenten ynkoarten renovearre troch in wenteboukorporaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)