Gemeente moat tún kontrolearje

09 jul 2009 - 09:57

De gemeente Gaasterlân-Sleat moat fan de rjochtbank geregeld om it hoekje sjen by in tún yn Wikel. In buorman fan de tún hat de rjochter ynskeakele om de gemeente sa fier te krijen dat der wat dien wurdt oan de hichte fan de beplanting.

Earder is der al wat beplanting fuorthelle. Mar wat der oer wie, is trochgroeid. Dêroer is de buorman nei de rjochter stapt, want de gemeente moat wer yn it spier komme om hjir wat oan te dwaan. En dat bart dus ek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)