Gemeente moat ton weromstoarte

15 okt 2012 - 17:13
  • Gemeentehûs yn Wolvegea

De gemeente Weststellingwerf moat in bedrach fan hast 116.000 euro werombetelje oan it ministearje fan ûnderwiis. De gemeente hie dat bedrach as subsydzje krigen foar de bou fan de brede skoalle Lindewijk yn Wolvegea. Dat wie ein 2009. It jier dêrnei soe de skoalle oplevere wurde, mar it projekt rûn in jier fertraging op. Dêrmei waard neffens de minister net foldien oan de regeling en waard it jild weromfoardere.

Weststellingwerf gie yn berop, mar dat berop waard moandei foar de rjochtbank yn Ljouwert ferlern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)