"Gemeente moat kreake gebou yn Ljouwert ûntromje litte"

11 feb 2016 - 18:19
  • It kreake gebou oan de Stasjonswei yn Ljouwert

De gemeente Ljouwert moat optrede tsjin de minsken dy't in gebou oan de Stasjonswei yn Ljouwert kreakje. Dat fynt de VVD yn de gemeenteried. Neffens de VVD is kreakjen strafber.

De fraksje wol witte oft de gemeente der ek by justysje op oantrune hat om it gebou ûntromje te litten. Der soe sprake wêze fan gefaarlike situaasjes. Sa soe it gebou net brânfeilich wêze en soene flechtwegen barrikadearre wêze. De Ljouwerter VVD wol ek dat de gemeente de oanskerping fan de wet op it kreakjen stipet, dêr't de lanlike VVD him foar ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)