'Gemeente moat bou helpe'

07 jan 2013 - 16:27

Gemeenten moatte faker bouprojekten oan pleatslike oannimmers jaan. Mei dy oprop komme de Fryske ôfdielings fan FNV Bouw en Bouwend Nederland. Alle Fryske gemeenten krije ynkoarten in brief dêroer. Trochdat gemeenten faak opdrachten gearfoegje, komme lytsere boubedriuwen dêr net foar yn 'e beneaming. Sa rinne se in soad wurk mis.

Fanwege de malêze yn 'e bou kin de klustering de pleatslike, lytsere bedriuwen wolris ûnderstek dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)