Gemeente mei ôf fan kontrakten

21 aug 2012 - 16:07

De gemeente Eaststellingwerf mei it kontrakt mei LACO foar it behear fan swimbaden en sporthallen dochs opsizze. Dat hat de rjochtbank besletten. De gemeente woe yn 2011 al brekke mei eksploitant LACO, mar dy is dêrfoar nei de rjochter stapt, omdat se fûnen dat se rjocht hiene op it kontrakt.

De rjochtbank hat no de gemeente yn it gelyk steld. De gemeente wol fan it kontrakt ôf, omdat se der oars oant 2026 oan fêst sitte soene. No't de befolking yn de gemeente weromrint, freget dat ek in oare benadering fan de sportakkommodaasjes.

Dêr hat de gemeente de hannen no frij foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)