Gemeente Ljouwert wol mear buertprevinsjeteams

20 jan 2015 - 21:59
  • Poster 'Buurtpreventie doe je samen'
  • Boargemaster Crone oan it wurd

De gemeente Ljouwert wol it oantal buertprevinsjeteams bot útwreidzje. Op it stuit binne der teams aktyf yn fiif wiken yn de stêd Ljouwert en de gemeente soe it leafst sjen dat ek alle oare wiken sa'n previnsjeteam krije.

In buertprevinsjeteam bestiet út bewenners dy't jûns troch de wyk gean om bygelyks oerlêst fan jongerein tsjin te gean of ûnfeilige situaasjes te melden by de plysje. Ut ûndersyk fan de gemeente docht bliken dat it fertuten docht om sokke teams yn te setten. Sa nimt de kriminaliteit en de oerlest ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)