Gemeente Ljouwert warskôget ynwenners foar spoekfaktueren

07 apr 2015 - 19:01
  • Gemeente Ljouwert

Oplichters stjoere spoekfaktueren út namme fan de gemeente Ljouwert. Minsken moatte neffens de brief dy't der by sit noch in heech bedrach betelje omdat se har ferplichtingen net neikaam binne. De brief wurdt ferstjoerd op papier dat der út sjocht as papier fan de gemeente Ljouwert en sit ek yn in slúf dy't echt liket.

De gemeente warskôget ynwenners om hjir net op te reagearjen, mar om kontakt mei de gemeente op te nimmen. As minsken wol betelle ha dan kin it jild mooglik werom stoarten wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)