Gemeente Ljouwert slút in lommert en twa wenhuzen

24 apr 2015 - 17:36
  • Gemeente Ljouwert

Boargemaster Crone fan Ljouwert slút opnij in tal gebouwen yn de gemeente. It giet om in lommert oan it Noardfliet en twa wenhuzen oan de Vuurdoornstrjitte yn Ljouwert. Yn alle trije gebouwen waarden by in kontrôle drugs foar de ferkeap fûn, yn de lommert trof de plysje ek in wapen oan. De sluting fan de gebouwen giet kommende tiisdei yn en is foar seis moannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)