Gemeente Ljouwert miljeubewust

18 okt 2006 - 06:24

Ljouwert is ien fan de meast miljeubewuste gemeenten fan Nederlân. Dat docht bliken út de Duurzaamheidsmeter. By dy meter wurdt sjoen hoe't gemeenten omgean mei saken as enerzjybesparring, ynkeap en wetterbehear.

Ljouwert stiet dit jier op it tredde plak, nei Tilburg op it earste plak en Ede en Alkmaar op in dield twadde plak. Yn 2005 stie de gemeente Ljouwert op it tsiende plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)