Gemeente Ljouwert jout jild: UIT-festival giet dochs troch

16 feb 2016 - 20:45
  • It UIT-festival begûn mei in parade troch de binnenstêd fan Ljouwert

De organisaasje fan it UIT-festival yn Ljouwert is der tige wiis mei dat de gemeenteried dochs jild beskikber steld hat foar de edysje fan dit jier. Earder dizze moanne makke dy organisaasje noch bekend dat it festival net trochgean soe fanwegen it ûntbrekken fan gemeentlike subsydzje en it fuortfallen fan jild fan KH2018.

Moandeitejûn stelde de ried op inisjatyf fan in tal partijen dochs 50.000 euro beskikber. De organisaasje hat no besletten dit jier dochs in UIT-festival te organisearjen. Dat wurdt heal septimber hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)