Gemeente lit sportklups sitte

28 apr 2013 - 15:55

Plannen foar nije klaaikeamers en sportkantines driigje hieltyd faker yn de knipe te kommen. Gemeenten wolle net garant stean. As de provinsje de finansjele deeglikheid fan in gemeente beoardielet, wurdt in garantstelling foar in sportklup besjoen as in ekstra risiko. Gemeenten hawwe al in soad jild ferlern op grûn foar nijbouwiken en de reserves binne dêrtroch flink lytser wurden.

By de fuotbalferiening fan Kollum is bygelyks twa ton nedich foar nije klaaikeamers. It Waarborgfonds Sport wol foar de helte garant stean, as de gemeente de oare helte foar syn rekken nimt en dat wol de gemeente net. De klup is al in jier yn petear mei de gemeente en hat no opnij in brief skreaun oan it kolleezje. Wethâlder Boerema is benaud dat ek oare klups om in garantstelling freegje, as hy tasizzings docht oan de fuotbalklup fan Kollum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)