Gemeente knapt skoallen op

13 sep 2007 - 16:31
  • Mei in heechwurker wurdt in selsmakke flagge it heechste punt set.

De gemeente Frjentsjerteradiel pakt mei faasje skoalgebouwen yn 'e gemeente oan. Foar it opknappen en fernijen fan ferskate skoallen is 14 en in heal miljoen euro beskikber. Sân skoallen binne oant no ta by de tiid brocht,twa moatte noch.

It nije gebou fan basisskoalle De Oanset yn Rie berikte tongerdei it heechste punt. Skoalbern seagen ta hoe't mei in heechwurker in selsmakke flagge it heechste punt set waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)