Gemeente keapet suvelfabryk

24 nov 2003 - 00:00

De gemeente Skarsterlân keapet it âld suvelfabryk yn Sint Nyk fan projekt- ûntwikkeler HBG Vastgoed. De gemeente krijt dêrmei de hannen frij om nei de sloop fan it fabryk de grûn nei eigen ynsjoch te brûken.

Skarsterlân hat in pear jier mei HBG oer de ynfolling fan it terrein praat. De gemeente wol der oanleunwenten ha foar fersoargingshûs Doniahiem, wylst HBG der graach keaphuzen ha woe. De gemeente kin no dus syn gong gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)