Gemeente jout útlis oer plannen asylsikerssintrum Wytmarsum

12 apr 2016 - 11:28
  • It kleaster yn Wytmarsum

De gemeente Súdwest-Fryslân jout tiisdeitemiddei in parsekonferinsje oer de plannen foar in asylsikerssintrum yn Wytmarsum. In eardere gearkomste waard skrast nei't der in soad ûndúdlikheid ûntstie oer de plannen. It kolleezje joech ferline wike oan mear tiid te nimmen om mei dúdliker arguminten te kommen. De gemeente en it COA wolle 200 asylsikers opfange yn it eardere kleaster yn it sintrum fan it doarp.

Teloarsteld

De enkêtekommisje fan Wytmarsum is der bot teloarsteld oer, om't út de enkête bliken die dat in grutte mearderheid fan de ynwenners op dy lokaasje hûndert flechtlingen it maksimum fynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)