Gemeente jout fergunning foar azc yn Balk

17 mrt 2016 - 16:42

It asylsikerssintrum oan de Wikelerdyk yn Balk is wer in stap tichteby kaam. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente De Fryske Marren hat in omjouwingsfergunning ôfjûn. Dêrmei kin it COA it azc realisearje.

Fan tongersdei ôf kin ek beswier makke wurde tsjin de bou fan it sintrum foar de opfang fan fiifhûndert flechtlingen. Guon ynwenners binne tsjin de komst fan it azc. Se fine fiifhûndert tefolle en se binne it net iens mei it plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)