Gemeente It Bilt ûnberikber

04 sep 2009 - 10:27

De gemeente It Bilt wie tongersdeitemiddei tillefoanysk net te berikken yn ferbân mei in steuring yn de tillefoansintrale fan de KPN yn Ljouwert. It maleur wie oan it begjin fan de jûn wer ferholpen.

Yn ferbân mei in persoanielsdei wie it gemeentehûs yn St. Anne sletten, mar minsken dy't it gemeentehûs bellen hiene in ynsprutsen berjocht hearre moatten. No krigen se de yngesprekstoan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)