Gemeente hoecht net te beteljen

18 mrt 2004 - 00:00

Basisskoalle De Bining yn De Triemen wurdt net renovearre. De direksje fan it kristlik ûnderwiis yn Kollumerlân hat de rjochtsaak tsjin de gemeente ferlern. De partijen wurde it net iens oer wa't de rekken foar de renovaasje betelje moat. Dêrtroch bliuwt it wurk al jierren lizzen.

De Raad van State hat beslist dat de gemeente net de 450.000 euro hoecht te beteljen, dêr't de skoalle om freget. De direksje is bliid mei dy dúdlikheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)