Gemeente helpt tsjerken

03 aug 2010 - 14:59

De gemeente Wûnseradiel lûkt 48.000 euro út foar de restauraasje fan de tsjerken fan Kimswert en Koarnwert. It Ryk en de provinsje stypje de restauraasje finansjeel, mar dat wie net genôch. Dêrom hiene de tsjerkebestjoeren ek in berop dien op de gemeente.

De beide histoaryske tsjerken binne fan sa'n grut belang dat in subsydzje wol op syn plak is, fynt de gemeente. De ynwenners fan 'e beide doarpen hawwe sels ek jild ynsammele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)