Gemeente Hearrenfean betellet âlderbydrage jeugdsoarch werom

22 des 2015 - 15:33

De gemeente Hearrenfean betellet de âlderbydrage jeugdsoarch oer 2015 werom oan ynwenners dy't fan jeugdsoarch gebrûk meitsje. De bydrage wie bedoeld foar bern dy't net thús wenje kinne.

De âlderbydrage waard yn 2015 lanlik ynfierd, mar wurdt takom jier wer ôfskaft omdat it in ekstra drompel foar âlden is om help te freegjen foar harren bern en gjin besparring opleveret.

Unfrede

Neffens wethâlder Hans Broekhuizen fan de gemeente Hearrenfean giet it foar âlden om tsientallen oant hûnderten euro's yn de moanne. "Dat hangt ervan af waar het kind verblijft en hoeveel dagen. Er bestond veel onvrede over deze bijdrage, omdat ouders toch ook andere kosten maken, bijvoorbeeld extra reiskosten." 

Oare gemeenten

Sa'n 100 Nederlânske gemeenten hienen de âlderbydrage hielendal net yn rekken brocht yn 2015. Likernôch 300 gemeenten hienen dat wol dien. Oft alle gemeenten dat ek wer oan de ynwenners werom betelje is oan de gemeente sels. 

Yn april dit jier besleat de gemeente Ljouwert al om de wet mei weromwurkjende krêft yngean te litten en de ynwenners werom te beteljen. Broekhuizen: "De gemeente Heerenveen heeft besloten om 40.000 euro aan ouderbijdrage terug te betalen. De mensen die zouden moeten betalen, die krijgen geen factuur toegestuurd. Als de wet geldt voor 2016, dan is het logisch dat het ook over 2015 al zou moeten gelden."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)