Gemeente Harns wol oerstallige gebouwen ferkeapje

29 jul 2015 - 12:43

De gemeente Harns wol tonnen fertsjinje mei de ferkeap fan oerstallige gebouwen. It giet ûnder oaren om strânpaviljoen 't Zilt, de kiosk op de Grote Bredeplaats en de eardere E.P. de Boerskoalle yn Winaam.

De skoalle yn Winaam stiet foar 195.000 euro te keap. Tymen Hein Corporaal fan de gemeente Harns hopet dat de gebouwen sa gau mooglik ferkocht wurde, sadat se net fierder yn ferfal reitsje.

De gemeente Harns wol ek mei oare gemeenten gearwurkje om leechsteande gebouwen oan te pakken dêr't se gjin eigner fan binne. Yn de gemeente Harns giet it om de eardere Professor Kohnstammskoale, de âlde Poiesz oan de Vierkantsdijk en it gebou fan 'Koopjeshal Harlingen'.

De gemeente wol dat dizze gebouwen sloopt of herûntwikkele wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)