Gemeente Harns kapt ynkoarten mear as 100 oantaaste beammen

22 jan 2015 - 22:17
  • Beam mei skea

De gemeente Harns wol de kommende trije moanne mear as hûndert beammen delhelje. It giet om beammen dy't in gefaar foar de omjouwing binne, om't se bygelyks oantaaste binne troch poddestuollen, of om't se skea hawwe troch hurde wyn.

Yn totaal binne der 7000 beammen kontrolearre. Sa'n dikke 700 dêrfan binne risikofol neffens de kontroleurs. Dochs meie sa'n 600 dus steanbliuwe. Wethâlder Maria Leroy seit dat de gemeente ek dy oare beammen yn de gaten hâldt, en as it nedich is maatregelen nimt. Dat kin ek betsjutte dat se bot snoeid wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)