Gemeente giet foar akwadukt A6

23 jan 2013 - 16:41
  • De brêge oer de Skarsterrien

De nije fúzjegemeente De Friese Meren leit him net samar del by it skrassen fan it akwadukt ûnder de Skarster Rien troch it Ryk. De brêge is al jierrenlang in knipepunt yn de A6 tusken De Jouwer en De Lemmer. Simmerdeis binne der geregeld lange files. It boadskip dat it regear der foarearst gjin jild ynstekke wol falt se yn Skarsterlân kâld op de lea.

Wethâlder Durk Durksz fan de gemeente Skarsterlân wol tegearre mei de provinsje in lobby ynsette om it reagear oer te heljen jild frij te meitsjen foar de realisaasje fan in akwadukt yn de A6.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)