Gemeente ferwideret fontein op it Ljouwerter Europaplein

18 jan 2016 - 11:36
  • It foarwurk wie al dien, de markante fontein waard earder al fuorthelle

De fontein dy't yn it midden fan it Europaplein yn Ljouwert stiet, sil de kommende tiid ferdwine. De fontein wurdt fuorthelle om't in begjin makke wurdt mei de rekonstruksje fan it plein.

Dizze wike wurdt it boppeste part, de fûgel, der ôfhelle. Dit wurdt dan op in feilich plak delsetten en as it nedich is ek opknapt. De fundearring, de kelder en it bassin bliuwe wol lizzen. Sa gau't it bassin ophege is, komt de fontein wer werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)